Schenk net opnij beskikber as foarsitter LTO-Noard

08 maaie 2015 - 19:37

Foarsitter Siem Jan Schenk fan LTO Noard nimt yn augustus ôfskie, no't hy kandidaat is foar in funksje by it wetterskip yn Noard-Hollân. Dêr wurdt er nei alle gedachten nije wike beneamd.

Schenk hat fjouwer jier foarsitter west fan LTO Noard, de belange-organisaasje foar boeren. Syn termyn rint yn augustus ôf en Schenk stelt him dus net op 'e nij beskikber. Wa't syn opfolger wurdt, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)