Fryslân dizze simmer oan it hurdrinnen mei Fit mei Femke

08 maaie 2015 - 16:47
  • Jaring de Groot en Femke de Walle

Omrop Fryslân komt dizze simmer mei in eigen hurdrintraining: Fit mei Femke. Yn totaal komme der trettjin wiken mei in hurdrintraining. Presintator Femke de Walle sprekt de podcasts yn. Doel is dat dielnimmers oan de ein fan de training 5 kilometer drave kinne en meidogge oan de Simmer yn Fryslân-loop op 13 septimber yn Burgum.

Njonken de podcasts, dy't fan healwei juny ôf beskikber komme yn de apps en op de webside, jout Omrop-redakteur en hurdrincoach Jaring de Groot ekstra tips oer bygelyks fieding, klean en sykheljen.

Ek binne der de hiele simmer tal fan oare aktiviteiten op it mêd fan beweging by Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)