Treast foar Balk: dochs noch optocht fan âlde legerweinen

08 maaie 2015 - 16:22

Balk krijt dochs noch in optocht mei âlde legerweinen troch it doarp. Dat hie op befrijingsdei al sillen, mar doe naam de stoet fan Keep them Rolling, mei Kanadeeske feteranen in oare rûte. En dêrtroch ha in soad minsken de legerweinen net sjoen.

Ta teloarstelling fan foaral de âlderein. De organisaasje fan de de befrijingstochten hat no sein dat se dochs noch komme. Mar wannear't dat wêze sil, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)