Twa Fryske finalisten foar de Jonge Undernimmerspriis 2015

08 maaie 2015 - 16:04

De finalisten fan de Jonge Undernimmerspriis fan it Noarden 2015 (JOP) binne bekend. Grytsje de Jong fan Morris Solutions yn Aldhoarne, Jelmer Spijksma fan Or-Quest yn Drachten en Corné van Willigen fan Hi-Fi Corner yn Grins binne nomineard.

Sy meitsje kâns op in jildpriis fan 10.000 euro, in ûndernimmerscoach en in finansjele scan fan syn of har bedriuw. De finalisten krije op 21 maaie besite fan de sjuery. De priisútrikking is op 10 juny yn Martini Plaza yn Grins. Dêr fynt dan de finale fan de wike fan de ûndernimmer plak.

It is de fjirtjinde kear dat de JOP-priis útrikt wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)