Gjin konkrete oplossing foar fertragings oertocht It Amelân

08 maaie 2015 - 14:44
  • Fearboat Oerd fan Wagenborg
  • Fearboat nei It Amelân

De farrûte tusken Holwert en It Amelân wurdt foarearst net oanpast. Steatssekretaris Wilma Mansveld wol earst neier ûndersyk nei wat no krekt de oarsaak is fan de grutte fertraging by de feartsjinsten. Dat skriuwt se yn in brief oan de Keamer.

Dêrtroch feroaret der yn alle gefallen it kommende jier noch neat. Boargemaster Albert de Hoop is bot teloarsteld oer de brief fan de steatssekretaris. Neffens De Hoop is de polityk al tsien jier dwaande mei petearen en ûndersyk en stiet der al lang fêst dat der wat oan it farwetter dien wurde moat.

De Hoop wol no yn petear mei de Twadde Keamer om de steatssekretaris te oertsjûgjen dochs maatregels te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)