Mei stroomstjitwapen nei it kafee

08 maaie 2015 - 14:18

De plysje yn Ljouwert hat op it Ruterskertier in 19-jierrige Ljouwerter mei in stroomstjitwapen oanhâlden. Tsjûgen warskôgen de plysje, doe't se him mei it wapen by in kafee stean seagen. Doe't de plysje kaam, die de man it wapen ûnder de klean.

De man is meinaam nei it plysjeburo. Hy krige dêr in boete fan 500 euro. It wapen is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)