Sandor van der Heide "baas" by Cambuur

08 maaie 2015 - 13:24
  • Sandor van der Heide

Sandor van der Heide sit de lêste twa kompetysjewedstriden fan Cambuur as haadtrainer op de bank by de Ljouwerters. Trainer Henk de Jong is mei súkses opereard oan syn knibbel en kin foarlopich syn wurk net dwaan. Van der Heide neamt it "leuk spannend" om as haadtrainer op te treden. In protte sil hy net feroarje yn de opstelling sa liet hy witte. In opstelling joech de nije trainer noch net, mar it liket der wol op dat Mac-Intosh en Pereira yn de basis opstelling stean sille. Michiel Hemmen is fit, Mart Dijkstra sit noch net by de seleksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)