Enerzjykoöperaasje foar sinnepark op It Amelân

08 maaie 2015 - 07:43
  • Sinnepanielen

It sinnepark op It Amelân is wer in stap tichteby. In mearderheid fan de Amelanner Enerzjy Koöperaasje hat him útsprutsen foar de komst fan it park nei it fleanfjild. De koöperaasje is ien fan de trije partijen fan de Sinnepark Amelân BV. De twa oaren binne enerzjybedriuw Eneco en de gemeente. Eneco is al foar. De gemeenteried praat op 18 maaie oer de plannen.

De partijen stekke elk 300.000 euro yn it projekt, dat 7,5 miljoen euro kostet. It Waadfûns betellet hast 2,7 miljoen euro. Op it terrein komme 24.000 sinnepanielen te stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)