Smellingerlân fynt reade poppen 'in kultureel ynsidint'

07 maaie 2015 - 17:48

De gemeente Smellingerlân neamt de opskuor oer de reade poppen yn Drachten 'in kultureel ynsidint'. De poppen fan keunstner Henk Hofstra soargje foar in soad mingde reaksjes yn Drachten. Earder soargen de spegelaaien op it Ljouwerter Saailân, de blauwe dyk en de mieren foar de Lawei ek al foar in soad argewaasje. De poppen soene wat te krijen hawwe mei de weriepening fan de Lawei, mar falt dúdlik net by elkenien yn de smaak.

Neffens de makker heart konfrontaasje krekt by keunst, it moat wat losmeitsje.

Benammen de man mei in skaal yn syn hannen mei in holle der op, ropt heftige reaksjes op. It byld docht guon tinken oan in bebloede IS-strider. "As ik sokke bylden sjen wol set ik de televyzje wol oan", seit in frou op 'e dyk. De gemeente hat 20.000 euro oan de Lawei beskikber steld foar dit projekt, sûnder krekt te witen wat foar keunstwurken der komme soene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)