Fryske Akademy dwaande mei spraakwerkenning Frysk

07 maaie 2015 - 14:31
  • De Fryske Akademy yn Ljouwert

De Fryske Akademy is mei de Radboud Universiteit, Tresoar en it Centre for Language end Speech Technology dwaande mei in projekt foar automatyske spraakwerkenning foar it Frysk. Omrop Fryslân stelt in audio-argyf fan 2500 oeren regio-útstjoeringen beskikber. Dêrfan wurde 50 oeren hielendal útskreaun en ynfierd yn in kompjûter. Dêrmei ûntstiet in grutte taaldatabank foar it Frysk. It systeem kin likegoed mei it Frysk as it Nederlânsk oerwei en de beide talen ek mei mekoar fergelykje.

De Akademy en Tresoar kinne de databank brûke foar taalkundich ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)