Ekstra foarstelling musikal Ruth yn Drachten

07 maaie 2015 - 10:54
  • Ruth

Der komt in ekstra foarstelling fan de Fryske musikal Ruth. Dit lêste grutte projekt fan musikus Hindrik van der Meer wurdt op 16 en 17 maaie útfierd yn de Lawei yn Drachten. Njonken de útfierings op sneontejûn en sneintemiddei wurdt it stik no ek op sneintejûn op 'e planken brocht.

Op basis fan it âlde Joadske ferhaal wurdt yn de musikal mei muzyk, dûns, film, lûd en ljocht in brêge slein nei bygelyks de hjoeddeistige bêd, bad en brochje-diskusje. Kaarten bin te bestellen by De Lawei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)