Auto's yn botsing op de Wâldwei

07 maaie 2015 - 09:44

Twa auto's binne tongersdeitemoarn yn botsing kaam de Wâldwei. Dat barde by de ôfslach Nijegea. De bestjoerder fan in BMW helle in auto yn. Doe't er werom gie nei eigen helte seach de bestjoerder in Suzuki oer de holle en botste der tsjin oan.

Ien fan de bestjoerders is noch troch ambulânsepersoniel ûndersocht, mar der wie neat oan de hân. Ien rydstrook fan de dyk fan Drachten nei Ljouwert hat koarte tiid ôfsletten west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)