Nije ambulânse foar missypost yn Tanzania

07 maaie 2015 - 08:29
  • De nije ambulânse
  • Tanzania

De Fryske stichting Trijntje Beimers hat in nije ambulânse kocht foar de missypost Kilangala yn Tanzania. De ambulânse is te plak brocht troch Pytsje Kampen en Anneke Witteveen fan de stichting. It giet om in Toyota Landcruiser, in soarte fan Jeep, dy't ynrjochte is as ambulânse.

It sikehûs fan de missypost ferfierde oant no ta de pasjinten yn de kofferbak fan in gewoane auto. De stichting woe earst in twaddehânsk ambulânse keapje, mar der kamen safolle donaasjes dat se no in nije kocht ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)