Soad ekstra drokte yn Fries Verzetsmuseum

06 maaie 2015 - 19:50

It Fries Verzetsmuseum yn Ljouwert hat in pear drokke dagen achter de rêch. Fanwege deadebetinking en fiering fan 70 jier befrijing hat it museum ekstra besikers. In tal fan de Kanadeeske feteranen dy't foar de befrijing yn Ljouwert binne, ha mei har famyljeleden lâns west.

Ek foar pakes en beppes is 4 en 5 maaie reden om har bernsbern mei te nimmen nei it museum. Wol hat it museum yn jubileumjierren wat mear konkurrinsje as oars, omdat ek op oare plakken tentoanstellings oer de oarloch organisearre wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)