Frachtwein kantele op klaverblêd by It Hearrenfean

06 maaie 2015 - 18:48

Op it klaverblêd by It Hearrenfean is woansdei flak nei seizen in frachtwein kantele. It is net dúdlik hoe't dat barde. It giet om in auto mei skroat, dat leit foar in part neist de auto. De frachtwein leit op de oansluting mei de A7 rjochting De Jouwer.

Foar safier't bekend is, is de sjauffeur net ferwûne rekke. Yn earste ynstânsje hie it ûngelok gjin gefolgen foar it ferkear, mar letter op 'e jûn hat de dyk in skoft ôfsletten west fanwege it fuortheljen fan de frachtwein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)