Kreamsoarch bliuwt yn basispakket

06 maaie 2015 - 18:30

Kreamsoarch bliuwt yn it basispakket fan de soarchfersekering. Dat hat minister Edith Schippers fan Folkssûnens woansdei skreaun yn in brief oan de Twadde Keamer. De minister nimt dêrmei de advizen fan 'Zorginstituut Nederland' oer. De kreamsoarch moat neffens de minister wol oanslute by de behoefte. As it gesin genôch op wei holpen is, is kreamsoarch net mear nedich.

Kreamfersoarchsters binne wiis mei it nijs. Sy wiene benaud dat troch it fuortfallen fan de kreamsoarch út it basispakket in soad âlden dizze soarch net mear betelje koenen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)