Skipswerf De Hoop yn Warkum krijt ynformaasjesintrum

06 maaie 2015 - 18:05
  • Gerben Groenhof fan de skipswerf yn Warkum

Skipstimmerwerf De Hoop yn Warkum krijt in ynformaasjesintrum. Op de werf wurde al jierren klassike fiskersskippen ûnderhâlden en restaurearre. Belangstellenden binne wolkom om op de werf te sjen, mar soms rinne se de wurknimmers tefolle foar de fuotten.

Yn de nije presintaasjeromte krije besikers ynformaasje oer skipstypen, de skiednis fan de werf en de skipsbou. De romte dy't yn de kofskiploads komt, iepenet 22 maaie de doarren. De tagong is fergees.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)