Ald anker yn Skylger tún ûntdutsen

06 maaie 2015 - 17:37
  • Anker yn Skylger tún
  • Anker yn Skylger tún

Jierrenlang lei in anker fan trije en in heale meter yn in tún op Skylge, sûnder dat ien it yn de gaten hie. Wêr't it anker fan goed 1000 kilo wei komt, is net hielendal dúdlik. De tún heart by it hûs dêr't earder masinist Stobbe wenne, en hy soe it anker krigen ha fan de betonningstsjinst. Mar Stobbe is stoarn, en âld-kollega's sprekke dat ferhaal tsjin.

Op Skylge wurdt sein dat it wolris it ien fan de ankers fan de Lutine wêze kin, in skip fol mei goud dat 200 jier lyn sonk yn it seegat tusken Flylân en Skylge.

Neffens Nico Brinck fan Skylge, dy't in protte fan âlde skippen wit, is it in Royal Navy-anker út de tiid fan de Lutine. It anker wie oerwoekere, en lei foar in diel ûnder de grûn. En de hjoeddeistige hûseigeners wenje op in oar plak. Dêrom koe it anker lang yn de tún lizze sûnder dat ien it wist.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)