Kanadeeske feteranen op besite yn Easterbierrum

06 maaie 2015 - 16:24

Trije Kanadeeske feteranen wienen woansdeitemiddei op besite yn Easterbierrum. Dêr sochten se nei plakken dêr't se yn april 1945 legere wienen. Ien fan dy plakken wie in skuorre dêr't goed 90 soldaten nei de befrijing fjouwer dagen yn sliept ha. Fan dy groep libje allinnich dizze trije feteranen noch. It bliek dat de skuorre ôfbrutsen wie.

It inisjatyf fan de syktocht kaam fan Martin Boomsma. Hy wennet yn Kanada, mar is berne yn Easterbierrum. Al jierren lang giet er mei feteranen nei Nederlân om oantinkens op te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)