Fergees bananen, kofje en sûkelade op World Fairtrade Day

06 maaie 2015 - 16:07
  • Fair Trade-bananen

Ynwenners fan Kollumerlân, Dantumadiel en Dongeradiel kinne sneon by ferskate winkels fergees bananen, sûkelade en kofje priuwe. Dizze produkten wurde oanbean yn it ramt fan de World Fairtrade Day, troch de wurkgroepen fan de trije gemeenten. It doel is om omtinken te freegjen foar de lege prizen dy't boeren yn earme lannen faak krije foar har produkten.

De priuwerij fan bananen, sûkelade en kofje begjint by de Jumbo yn Kollum, sneon om 10.00 oere. Dêrnei folgje it winkelsintrum fan Damwâld en de binnenstêd fan Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)