Regisseur Auke de Witte fan spylfilm Bak wint filmpriis

06 maaie 2015 - 14:04

Auke de Witte is winner wurden fan de Hogenbijl foar de ferfilming fan it boek Bak. Hy krige de priis fan tsientûzen euro en in byldsje woansdeitemiddei útrikt yn it programma Geert yn de middei. De spylfilm is basearre op de koarte roman Bak fan Sietse de Vries. De Witte krige de priis út hannen fan Henk Sietmans fan de Hogenbijlstichting.

De film Bak is in inisjatyf fan De Witte en stichting Willewurk. Dy stichting wol net-kommersjele films meitsje en dêrby profesjonals en betûfte amateurs gearwurkje litte.

It jild fan de Hogenbijlfilmpriis komt út it Hogenbijlfûns dat dit jier tritich jier bestiet. Alle twa jierren stelt it fûns twa prizen beskikber. Ien foar amateurfilm en ien foar klassike muzyk.

Joop Wittermans en Joke Tjalsma spylje de haadrollen yn Bak. De measte oare rollen wurde spile troch amateurs. De spylfilm Bak wurdt op 6, 7, 8 en 9 maaie as searje útstjoerd by Omrop Fryslân. Woansdeitejûn om 17.20 oere is it earste diel op 'e telefyzje te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)