Gaslek yn gebou fuotbalklup Hearrenfeanse Boys

06 maaie 2015 - 12:57

De brânwacht is woansdeitemoarn útrukt foar in gaslek by fuotbalferiening Hearrenfeanse Boys op It Hearrenfean. Skjinmakkers rûkten in gaslucht yn it gebou fan de fuotbalklup oan de Rottumerwei.

De brânwacht hat de gaslieding ôfsletten. De eigener hat in ynstallateur ynskeakele om it lek te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)