Strategyske gearwurking om molkprizen op peil te hâlden

06 maaie 2015 - 11:59
  • It fabryk fan A-ware

Suvelbedriuw A-ware Food Group wol gearwurkje mei tsiismakker DOC yn Hoogeveen. Dan soe DOC net troch it Dútske DMK oernaam wurde. Nederlânske suvelbedriuwen binne op de oername tsjin. De molkprizen yn Nederlân sakje dan om't yn Dútslân de prizen ek leger binne.

Foar de leden fan DOC, wêrûnder ek Fryske boeren, soe de gearwurking neffens A-Ware foardielen hawwe. De leden bliuwe eigener fan it bedriuw. Op 12 en 13 maaie hâldt A-ware ynformaasjegearkomsten om de leden fan DOC foar it plan te winnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)