Westereenders mishannelje doarpsgenoat op befrijingsfeest

06 maaie 2015 - 10:46
  • De Grienewei, tiisdei op it Befrijingsfestival

De plysje hat tiisdeitejûn op it Befrijingsfestival yn Ljouwert twa manlju út De Westereen oanhâlden dy't in oare man mishannele hiene. It slachtoffer waard op it feestterrein oan de Grienewei mishannele troch de twa Westereenders fan 18 en 21 jier.

De manlju binne meinaam nei it plysjeburo. Se sitte fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)