Foarljochtingsdei yn Easterwâlde oer elektrysk fytsen

06 maaie 2015 - 09:52
  • Fytse op in elektryske fyts

Aldere minsken kinne woansdei yn Easterwâlde nei in foarljochtingsdei oer elektrysk fytsen. De e-bike-dei wurdt organisearre troch de gemeente Eaststellingwerf, Feilich Ferkear Nederlân, it Regionaal Orgaan foar Ferkearsfeiligens en it Fytsersbûn.

De foarljochting is bedoeld foar 70-plussers dy't fytse wolle mei elektroanyske help. Der binne al oer de fjirtich oanmeldings. De foarljochting wurdt jûn yn doarpshûs De Miente yn Easterwâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)