Passazjier naait út, djoer ritsje foar taksysjauffeur

06 maaie 2015 - 08:58

In taksysjauffeur út Zwolle hat tiisdeitejûn in djoer ritsje nei It Hearrenfean makke. Doe't de sjauffeur mei syn passazjier yn de Kievitstrjitte yn dat plak oankaam, naaide de klant út. It giet om in man mei in learen jas oan mei in soad ritsen.

De taksysjauffeur seit dat hy mei in net betelle rekken fan 150 euro sitten bleaun is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)