Frysk bedriuw bout trampolinehal foar folwoeksenen

06 maaie 2015 - 07:42
  • In trampolinehal
  • Sidijk op It Hearrenfean

It Fryske bedriuw Sidijk bout in trampolinehal yn Nieuwegein. It park wurdt 2000 fjouwerkante meter grut en is ferdield yn ferskate sônes, lykas in frijspringgebiet, in sportgebiet mei dodgeball en basketbal en in gebiet der't minsken oefenje kinne yn balansearjen. By alle sônes stean trainers dy't helpe.

Sidijk is bekend fan ûnder oare beskermingskessens by reedrydbanen del. It idee foar in trampolinehal bestie al in pear jier. No is der in eksploitant fûn. De trampolinehal yn Nieuwegein giet yn septimber iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)