Rixt van der Horst mei team nei sulver yn Mannheim

05 maaie 2015 - 19:19
  • Rixt op har hynder Uniek

Para-dressuerrydster Rixt van der Horst út Grou hat yn it Dútske Mannheim mei har hynder Uniek de twadde searje fan yndividuele proeven wûn. Dêrmei is de bêste rydster fan it Nederlânske team, dat as team sulver helle hat. It goud wie foar Dútslân. Oer trije wike docht Van der Horst mei Uniek mei oan de observaasjewedstriid yn Roosendaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)