Fryslân fiert manmachtich 70 jier befrijing

05 maaie 2015 - 17:19

De befrijingsdei-aktiviteiten yn Fryslân hawwe mar kwalik lêst hân fan de tongerbuien dy't oer it lân gongen. Op oare plakken moasten optredens en aktiviteiten ôfsein of útsteld wurde. Yn Fryslân kamen de buien nei de middei, mar om in oere as healwei fjouweren wiene se de provinsje wer út.

Hichtepunt wiene de befrijingsritten troch de provinsje mei âlde legerauto's en motors. Kanadeeske feteranen rieden parten fan de rûte mei. Nettsjinsteande de drokte slagge it de dielnimmers om op tiid werom te wêzen yn Ljouwert, dêr't it defilee is.

Doe't de buien oer Fryslân kamen, gongen de optredens op de sân poadia yn Ljouwert hast allegear troch. Allinnich de muzyk op it Noardewyn Live poadium fan Omrop Fryslân lei efkes stil. Njonken muzikale optredens wiene der ek ynhâldlike frijheidsprojekten, in befrijingsmerk en in bernefestival.

Hoefolle besikers der oant no ta west hawwe by de ferskate befrijingsdei-aktiviteiten, is noch net dúdlik.

Ien fan de feteranen dy't meidie oan de feterane-optocht is Boyd Affleck (89) út Vancouver, Kanada. Hy wie 17 jier doe't er him as frijwilliger oanmelde by it Kanadeeske leger. Hy is mei syn twa dochters nei Fryslân kaam. Ek de beide dochters mochten meiride op de jeep fan de feteranestoet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)