Gemeente Lenten krijt lang om let erkenning

05 maaie 2015 - 16:45

De gemeente Lenten, better bekend as Kameleondoarp Terherne, wurdt lang om let erkend troch de gemeente De Fryske Marren. Dy erkenning makket in ein oan it debat oft de boargemaster fan Lenten wol of gjin foech hat. Dizze erkenning wurdt freed betocht mei in treffen tusken boargemaster Aalbers fan De Fryske Marren en boargemaster Hofstra fan de gemeente Lenten.

Dat bart op de grins tusken beide gemeenten. Dan krijt boargemaster Hofstra in echte amtsketting. Dy is makke troch Tiny Kingma fan De Lemmer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)