Organisaasje befrijingsfestival spilet goed yn op min waar

05 maaie 2015 - 14:33

It feilichheidsteam fan de gemeente Ljouwert hat tiisdeitemiddei op tiid ynspile op it minne waar. Om kertier foar twaen waard it festivalpublyk oproppen om in skûlplak te sykjen, omdat der needwaar drige mei mooglik fûle wynstjitten en hagel.

It publyk op it Aldehoustertsjerkhôf waard fia de byldskermen ynformearre. It algemiene publyk yn de stêd is fia tekstweinen op de hichte brocht. Ek waard der berjochte fia twitter en facebook. Om in oere as healwei fjouweren wie it slimste foarby en kaam it festival wer op gong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)