Tal startende Fryske ûndernimmers sakket in bytsje

05 maaie 2015 - 11:44

It tal begjinnende ûndernimmers dat him ferline moanne ynskreau by de Keamer fan Keaphannel leit krekt wat leger as in moanne earder. Fryslân lit dêrmei itselde byld sjen as lanlik. Der kamen yn ús provinsje yn april 495 bedriuwen by, tsjin 535 yn maart.

Ek it tal bedriuwen dat yn april fallyt gie, leit krekt wat leger as yn maart. Lanlik melden rom 15.000 startende ûndernimmers har by de Keamer fan Keaphannel. Yn de measte gefallen giet it om selsstannigen sûnder personiel, ZZP'ers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)