Soad reaksjes op oprop foar bedriuwsopfolger op Facebook

05 maaie 2015 - 11:12
  • De oprop op Facebook

In opmerklik berjocht op Facebook fan Conny Bloemhoff fan Surhústerfean. Se skriuwt oer har heit dy't slim siik is en in opfolger foar syn bedriuw siket. Hy sil úteinlik ferstjerre. It bedriuw dêr't it om giet is de ambachtlike meubelmakkerij De Nerf yn Bûtenpost.

"It finen fan in opfolger is net maklik, want it moat ien wêze dy't it ambacht behearsket'', fertelt Conny Bloemhoff. Har heit makket ûnder oare meubels en restaurearret tsjerken. Hy hat in houtdraaibank, mar docht ek noch in soad mei de hân.

De oprop op Facebook is hast tsientûzen kear dield en der binne al aardich wat reaksjes binnenkaam. Dy komme út it hiele lân wei, sels út it bûtenlân. Conny en har âlden wolle leaver net foar de mikrofoan of kamera ferskine, om't it harren no earst wat te folle is.

Op YouTube stiet ek dit portret oer it bedriuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)