Omtinken foar boatflechtlingen by deadebetinking Ternaard

04 maaie 2015 - 22:57
  • Deadebetinking by Ternaard
  • Deadebetinking by Ternaard
  • Deadebetinking by Ternaard

Nederlanners moatte har skamje dat se sa'n muoite hawwe om flechtlingen op te nimmen. Dat sei wethâlder Pytsje de Graaf moandeitejûn by de deadebetinking yn Ternaard.

Dêr wie in spesjale betinking organisearre mei ûnder oaren omtinken foar de Ternaarder fersetsstrider Albertus Nauta, dy't yn 1945 fusillearre waard en foar de fiif Ingelske en Kanadeeske piloaten, dy't op it hôf fan Ternaard begroeven lizze.

It tema fan de betinking wie: 'Wie de ogen sluit voor het verleden, is blind voor de toekomst'.

Wethâlder De Graaf brûkte dat tema om in link te meitsjen nei de flechtlingen fan hjoed-de-dei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)