Fjouwerhûndert hantekenings op petysje azc Balk

04 maaie 2015 - 19:01
  • (argyffoto)

Mear as fjouwerhûndert minsken hawwe in petysje ûndertekene oer de komst fan in asylsikerssintrum nei Balk. De inisjatyfnimmers fan de petysje fine dat it sintrum op in oar plak komme moat, en der meie gjin fiifhûndert, mar heechút trijehûndert asylsikers yn komme. Mear soe in plak as Balk net oankinne, sizze se.

Boargemaster Arie Aalberts fan gemeente De Fryske Marren seit lykwols dat de diskusje oer de lokaasje en it tal asylsikers al útiten is. De tastream fan asylsikers wurdt hieltyd grutter, en dy minsken moatte ek opfongen wurde.

Aalberts fynt dat der sprake is fan in needsitewaasje. Riis kin safolle asylsikers net oan, seit er, en Balk kin dat wol.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)