De skrik sit der goed yn by eigener oerfallen kebabsaak

04 maaie 2015 - 18:00
  • Eigener Deniz fan de oerfallen kebabsaak
  • De oerfallen kebabsaak oan de Weerd

Eigener Deniz fan de kebabsaak yn Ljouwert dy't snein oerfallen waard, is noch altyd bot oandien. Syn hiele saak oan de Weerd waard sloopt en de kassa plondere, wylst er út de tiid op de grûn lei. "Mei in brekizer makken se alles stikken. Mar wat ha se dêr no oan? Ik kin dat net begripe. Wêrom soest dat no dwaan? Ik snap it echt net.", fertelt Deniz.

Doe't Deniz syn saak sneintemoarn om 6 oere ôfslute woe, kamen de twa oerfallers deryn foar in pakje sigaretten. Se mishannelen de man mei in brekizer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)