Omrop TIP: Befrijingsdei op radio, telefyzje en ynternet

05 maaie 2015 - 08:01

Omrop Fryslân jout tiisdei in protte omtinken oan alle aktiviteiten dy't yn Fryslân organisearre wurde yn it ramt fan 70 jier befrijing. Sa is op de radio bygelyks te hearren hoe't it giet yn it Victorypark yn Ljouwert; in kamp fan de alliearden dat sjen lit hoe't de Kanadezen, Amerikanen en Ingelsen yn 1945 yn Nederlân ferbleaunen. Ek wurdt der ferslach dien fan it moarnbrochje op it Saailân foar âlderen en minder-faliden.

In soad omtinken is der ek foar de 250 âlde en in pear nije legerweinen dy't troch de hiele provinsje ride en middeis in defilee hâlde yn Ljouwert. Ferslachjouwer Geert van Tuinen rydt mei en docht ferslach op Omrop Fryslân radio. Alle rûtes steane op de webside fan de organisaasje.

Op Omrop Fryslân telefyzje is fan 13:00 oere ôf it Noardewyn Live poadium te sjen, dêr't ferskate artysten optrede sille. Mei ûnder oaren Martyn Ell, Dubbel Accoord & Country Wytske, The Given Horse, De Boodschappers van het Algemene Nut foarby en as ôfsluting de Doelleazen. Fan 16.00 oere ôf steane de kamera's rjochte op it Saailân yn Ljouwert, dêr't it defilee begjint. Om 17:15 oere hinne begjint in spesjaal telefyzjeprogramma, dêr't alle hichtepunten fan befrijingsdei 2015 yn te sjen binne. Dit programma wurdt de hiele jûn werhelle, nei Hjoed.

Fia in liveblog op omropfryslan.nl en de apps wurde jo op de hichte hâlden fan wat der allegear bart op de sosjale media.

Trefwurden: 
Befrijingsdei Omrop Tip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)