92% fan de Friezen fynt deadebetinking wichtich

04 maaie 2015 - 16:17

92 persint fan de Friezen fynt it belangryk om alle jierren de deaden te betinken dy't fallen binne yn de Twadde Wrâldoarloch. Dat docht bliken út in ûndersyk ûnder it opinypanel fan EenVandaag en Omrop Fryslân. De measte Friezen binne moandeitejûn om acht oere twa minuten stil om de deaden te betinken.

Ut it ûndersyk docht fierders bliken dat hast tachtich persint fynt dat de deadebetinking fan wearde is, ek al is it hieltyd langer lyn. De manier wêrop't de betinking hâlden wurdt, fynt in grutte mearderheid goed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)