Antoinette de Jong giet nei ploech Ireen Wüst

04 maaie 2015 - 15:56

Reedrydster Antoinette de Jong fan Rottum stiet takom seizoen ûnder kontrakt by Team4Gold, de ploech fan Ireen Wüst. Se tekenet in kontrakt foar ien jier. Tongersdei waard dúdlik dat De Jong, nettsjinsteande in trochrinnend kontrakt, fuortgiet by Team Clafis. Se koe har net fine yn de oanpak fan trainer Jillert Anema.

De Jong is net de iennige dy't de ploech fan Wüst fersterket. Melissa Wijfje en Jos de Vos hawwe harren ek oansletten by Team4Gold.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)