Streekwurkloket foar ideeën foar ferbettering omjouwing

04 maaie 2015 - 14:51

De Provinsje Fryslân ropt minsken op om ideeën op te stjoeren foar ferbettering fan de wenomkriten. Dat kin fan moandei ôf by it saneamde Streekwurkloket. De provinsje stelt 2,5 miljoen euro beskikber foar sokke ferbettering.

It jild sit yn it saneamde Mienskipsfûns. It is bedoeld foar goede ideeën en inisjativen dy't soargje foar in better omjouwing om yn te wenjen. Mear ynformaasje is te finen op www.streekwurkloket.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)