Fryske stichting hellet 40.000 euro op foar Nepal

04 maaie 2015 - 14:27

In bliksemaksje fan de Fryske stichting Studenten- en Musaharprojekt Nepal hat yn fiif dagen tiid 40.000 euro foar de slachtoffers fan de ierdbeving opsmiten. De Fryske stichting set him yn foar ûnderwiis oan bern en jongeren yn it Gorkhadistrikt. De projekten fan de stichting hawwe foar 80.000 euro skea oprûn.

Moandei is de earste seistûzen euro oan needhelp nei Nepal stjoerd. Fan dat bedrach wurde tinten en iten kocht foar de slachtoffers fan de ierdbeving.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)