Auto yn sleat nei botsing by Hallum

04 maaie 2015 - 14:11

By Hallum is moandeitemiddei om sawat ien oere in auto yn de sleat rekke. Hy kaam op de Piebewei yn botsing mei in oare auto, nei alle gedachten frontaal.

De persoan dy't yn de auto siet, is derút helle. Mooglik is der sprake fan licht letsel oan de hân of earm, sa makket de plysje bekend. De persoan is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Oer de oarsaak fan it ûngelok kin de plysje noch neat sizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)