Konsertorganisator Sjoerd Cuperus ferstoarn

04 maaie 2015 - 13:09
  • Sjoerd Cuperus (argyffoto)

De Ljouwerter konsertorganisator Sjoerd Cuperus is snein ferstoarn. Cuperus begûn yn de jierren '90 mei de earste befrijingsfestivals yn Ljouwert. Op it Befrijingsfestival wurdt tiisdei stilstien by syn dea.

Yn de jierren '60 wie Cuperus tegearre mei Piet van der Wal de grutte man achter it romrofte jongereinsintrum Hippo. Hy wie boppedat manager fan bands en sette projekten op foar wurkleazen. Cuperus wie al in skoft siik. Hy is 65 jier wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)