Man út Grins oanhâlden foar swiere mishanneling

04 maaie 2015 - 11:58

De plysje hat yn de nacht nei moandei yn Boksum in 43-jierrige man út Grins oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan swiere mishanneling fan syn partner. Buertbewenners hawwe de frou opfongen en de helptsjinsten belle.

It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. De fertochte is meinaam nei it plysjeburo foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)