Wurkleazen kinne nei netwurkkafee yn Bûtenpost

04 maaie 2015 - 11:40

Yn Bûtenpost is moandei in earste netwurkkafee organisearre, foar minsken dy't harren wurk kwytrekke binne, al langer sûnder wurk sitte of noch nea wurk hân hawwe. De tsjerken fan Bûtenpost en de stifting Sosjaal Kultureel Wurk Bûtenpost wolle op dizze wize omtinken jaan oan de finansjele en psychologyske gefolgen fan wurkleazens.

Mei it netwurkkafee kinne wurkleazen wer in netwurk opbouwe en ûnderfinings opdwaan. Oer fjirtjin dagen wurdt der wer in netwurkkafee organisearre.

Trefwurden: 
wurkleazen netwurkkafee
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)