Oranje Fonds jout njoggen ton foar Fryske projekten

04 maaie 2015 - 10:40

It Oranje Fonds hat ferline jier hast 900.000 euro útkeard oan inisjativen yn Fryslân. Dat jild gie nei goed 500 projekten. It S-team fan Het Buro yn Ljouwert krige 75.000 euro. Dat team begeliedt jongeren om harren diploma te heljen. Lytsere bedraggen wiene der ûnder oare foar in treplift yn it doarpshûs fan Ychtenbrêge en foar de speloteek fan De Gordyk.

It Oranje Fonds stipet sosjale inisjativen dy't der foar soargje dat minsken elkoar moetsje, minder iensum binne of har ynsette foar in oar.

Trefwurden: 
Oranje Fonds Oranjefûns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)