Univé-fuotbaldagen by BBC yn Burgum

04 maaie 2015 - 09:49

Op de fuotbalfjilden fan BBC yn Burgum wurde dizze wike de Univé fuotbaldagen hâlden. De jeugd dy't meidocht krijt fjouwer dagen lang training neffens de Total Soccer Method. Se krije ek in moai Univé-tenu en in trainingsbal. Doel is om it yndividueel talint en it teamgefoel te ûntwikkeljen.

Der hawwe har 55 fuotballers opjûn foar de trainingsdagen. Acht trainer/coaches fersoargje clinics. It is de earste kear dat BBC Burgum de fuotbaldagen organisearret.

Trefwurden: 
Univé BBC fuotbaldagen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)