Brief ûnderdûkster foarlêzen yn Westhim

04 maaie 2015 - 08:46

Yn Fryslân wurde moandei op in hiel soad plakken deadebetinkings hâlden. Op de measte plakken bestiet de betinking út in stille tocht en it lizzen fan krânsen by in oarlochsmonumint.

Yn Westhim giet de stille tocht fan it tsjerkje nei de pleats fan de famylje Oppedijk. Dêr wurdt de persoanlike brief fan Ruth Lavie foarlêzen en bern drage gedichten fan Ruth foar. Ruth siet yn de oarloch ûnderdûkt op de pleats fan de famylje Oppedijk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)