Ridende auto yn de brân by Ljouwert

03 maaie 2015 - 17:52

By de Werpsterhoeke yn Ljouwert is sneintemiddei in ridende auto yn brân flein. Doe't de brânwacht kaam, stie it motorkompartimint al folslein yn brân. It fjoer wie gau út nei it iepenbrekken fan de motorkap. De auto rekke folslein fernield.

Troch de brân wie de linkerrydbaan tusken Wurdum en Ljouwert in skoft ticht. Ek ferkear fan de Wâldwei ôf rjochting Wurdum hie lêst.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)