Ljouwert ferrassende winner fan Bangmapartij

03 maaie 2015 - 17:46

De earste keatspartij fan it seizoen, de Bangmapartij yn Weidum, is snein in ferrassende proai wurden foar Ljouwert. Jan Hoekstra, Pieter Jan Plat en Hans Wassenaar wienen yn de finale mei 5-2 en 6-4 te sterk foar Sint-Jabik mei Bauke en Taeke Triemstra en Renze Pieter Hiemstra. Sint-Jabik wie ferline jier noch de winner.

De lytse preemje gong nei Huzum mei Hendrik Tolsma, Feiko Broersma en Daniël Iseger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)